We are currently migrating our data. We expect the process to take 24 to 48 hours before everything is back to normal.

Last updated: 5 days ago

Healers (1998 – 2015) wie in opfallende Fryske Blûsband út Beetstersweach en de lêste tsien jier dat de band spile in bekende ferskining op de Fryske poadia. Mei rauwe ‘Fryske roots blûs’ spile de band (Jehannes Veenstra – sang en rammelguod, Iede Hoekstra – gitaar en sousafoan, Ruurd Huitema – bas en rammelguod, Bauke de Grouw – piano, oargel, gitaar, banjo en trompet, Marten Scholten – slachreau, sang, potten en pannen en Feiko Wouda – mûlharp en rammelguod) foaral harren saneamde Fryske Roots Blûs. Healers hat fjouwer cd’s makke en útbrocht; ‘De Blûsrûs’ (2005), ‘De Feanhoop Opnij Besocht’ (2008), It Is Soms Better As Oars (2013) en ‘Farwol-Toer ‘Live’ Op ‘e Himrik Wite Tsjerke’ (2015). De nûmers op dizze fjouwer skiifkes binne gruttendiels bewurkingen fan bekende en minder bekende blûsnûmers. Hjirtroch krije de nûmers in ferrassend oarspronklik karakter. Mar wat it meast opfalt is dat troch de Blûs fan Healers, it dúdlik wurdt dat der parallellen binne tusken de plantaazjes yn it súden fan de Feriene Staten fan Amearika en de feanterijen fan de súdeasthoeke fan Fryslân yn it begjin fan de foarige ieu. Yntiid, nei ideeën om wer te spyljen, waard sjonger Jehannes Veenstra yn de hjerst fan 2017 slim siik en kaam op 10 jannewaris 2018 te ferstjerren.

Monthly Listeners

76

Followers

33

Top Cities

12 listeners
10 listeners
8 listeners
5 listeners

Links

Related Artists

Junkyard Preachers

Junkyard Preachers

John Miller & Eric Reynolds

John Miller & Eric Reynolds

Brilleaux

Brilleaux

Jim Mitchell & The Repeat Offenders

Jim Mitchell & The Repeat Offenders

Cannery Row

Cannery Row

Swiet & Bjuster

Swiet & Bjuster

David Mad Mayer

David Mad Mayer

Cry Baby and The Hoochie Coochie Boys

Cry Baby and The Hoochie Coochie Boys

The Mississippi Kings

The Mississippi Kings

Oppedal Bluesband

Oppedal Bluesband

Raw Blues Experience

Raw Blues Experience

Snikhait

Snikhait

Hoppe & Bäst före blues band

Hoppe & Bäst före blues band

Hayfever

Hayfever

Lord Bolt

Lord Bolt

De Zeute Dröpkes

De Zeute Dröpkes

Carlo Little All Stars

Carlo Little All Stars

Jan Blom

Jan Blom

Claasen & Co

Claasen & Co

The Mud Bay Blues Band

The Mud Bay Blues Band